bestjoerlik profyl, kennis fan nije media
• Tafersjoch hâlde op belied, neilibjen wet- & rigeljouwing en realisaasje doelstellingen.
• Tafersjoch hâlde op de finansjele jiersyklus en as klankboerd tsjinje foar de bestjoerder.
• Bestjoerlik profyl, romme tafersjochhâldende ûnderfining en moderne fisy op tafersjoch en governance.
• Nije media omearmje, ynteger, ferantwurdlik, strategysk, kollegiaal, ûnôfhinklik tinker en Frysk!
Omrop Fryslân is dé regionale publike omrop, mei sa’n 140 meiwurkers en 100 freelancers, foar elkenien dy’t him mei Fryslân ferbûn fielt. De Omrop hat it plak yn it sterk feroarjende medialânskip op ’e nij formulearre en fertaald nei it strategysk plan “Kom fierder”. De organisaasje rekkenet it as har ferantwurdlikheid om de Fryske taal en kultuer aktyf út te dragen. By de Omrop is dan ek it Frysk de fiertaal. Sjoch ek: omropfryslan.nl